Update: Bouwmeester wer oan kop

© ANP
Sylster Marit Bouwmeester stiet nei sân races op it EK Laser Radial yn Barcelona wer boppe-oan yn it klassemint. De 29-jierrige wrâldkampioene út Warten wûn op de tredde dei fan it EK de fiifde race, mar yn de sechsde race sylde se nei in teloarstellend tsiende plak. Ek har sânde race ferrûn net goed. Bouwmeester waard dêr njoggentjinde. Dochs slagge it har de kopposysje yn it klassemint wer oer te nimmen fan de Deense sylster Anne-Marie Rindom. Bouwmeester notearre in better gemiddelde en kaam troch it skrassen fan ien minne útslach dochs wer oan kop.