De Lawei leit him del by útspraak oer 'oannimmerwiksel'

Skouboarch De Lawei yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Skouboarch De Lawei yn Drachten giet net yn heger berop tsjin de útspraak fan de Raad van Arbitrage foar de bou. Dy die yn july dit jier de útspraak dat De Lawei yn 2014 oannimmer Van Norel net oan de kant skood mocht hie.
De Lawei wie net tefreden oer de bouwurksumheden en liet de bou dêrom troch in oare ûndernimmer ôfmeitsje. Dat barde dus ûnterjochte. De Lawei koe freed noch yn heger berop gean, mar hat besletten dat net te dwaan. Direkteur Stef Avezaat fan De Lawei is it noch altyd net iens mei de útspraak, mar ferwachtet dat de útspraak yn heger berop net feroarje sil. Hy achtet de finansjele risiko's dêrom te grut.