De Vries as achtste oan de start yn Spanje

Autokoereur Nyck de Vries © Omrop Fryslân
Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea begjint sneon as achtste oan de haadrace fan de Formule 2 wedstriid yn Spanje. By de kwalifikaasje freedtemiddei op it sirkwy fan Jerez de la Frontera einige er hast in sekonde achter de man op pole, Charles Leclerc. It achtste plak is in lytse teloarstelling foar De Vries, om't er by de earste training noch op it tredde plak stie. De Formule 2 race yn Spanje is de ien-nei-lêste fan dit seizoen, yn novimber moatte de koereurs allinne noch nei Abu Dhabi.