Basketbalklup Aris sil gearwurkje mei Donar

06 okt 2017 - 16:14
Basketbal yn it Kealledykje - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

De Ljouwerter basketbalklup Aris sil gearwurkje mei topklup Donar út Grins. Beide klups ha harren hantekens set ûnder in oerienkomst foar ien jier.

"Het is een samenwerking in de meest brede zin van het woord", sa seit Gert Schurer, bestjoerslid fan Aris. De gedachte hjirachter is dat it basketbal yn it noarden fan Nederlân ferlet hat fan twa stabile klups. Der sil ûnder oare gearwurke wurde op it mêd fan basketbalkliniks. Foarearst sille der gjin spilers fan Donar de oerstap meitsje nei Aris, mar dat soe yn de takomst wol it gefal wêze kinne. "Het zou best zo kunnen zijn dat een jeugdspeler bij Donar nog niet goed genoeg is voor het grote werk, dat die dan een jaartje bij ons gaat rondlopen", seit Schurer. Why not? Graag zelfs!"

Donar spile ferline wike in Europeeske wedstriid tsjin de Spaanske klup Estudiantes yn it Kealledykje, de thúshaven fan Aris. Dat wie al yn it ramt fan de nije gearwurking.

Trefwurden: 
Aris Donar basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)