Seis jier sel easke tsjin twa fertochten oerfal De Lemmer

06 okt 2017 - 15:21
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Iepenbier Ministearje hat freedtemiddei seis jier sel easke tsjin de twa fertochten fan in gewelddiedige oerfal op De Lemmer. Dat barde op 15 april 2015, goed twa-en-in-heal jier lyn. De twa manlju, in 20-jierrige Lemster en in 24-jierrige man út Emmeloord, mishannelen doe in bewenner fan in hûs oan de Intang. De man waard yn syn gesicht slein en trape, en soe hjoed-de-dei noch hieltyd pine yn 'e holle hawwe.

De oerfallers gienen der mei in aktetas mei jild fan troch. Se waarden pas yn septimber foarich jier oanhâlden op basis fan DNA-materiaal. De Ljouwerter rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)