Sieraden, in brief en in boek mei grouwélige foto's

De ynbringmiddei fan Fries Verzetsmuseum en Tresoar hat tongersdei wer aardich wat bysûnder guod opsmiten. Sa kaam der in brief fan in finzene yn Ljouwert binnen, mar ek sieraden en in bysûnder boek dat fuort nei de oarloch útkaam mei foto's fan de grouwélige tastannen yn Bergen Belsen. De ynbringmiddei is gewoanwei begjin maaie mar ek no wie der behoarlike belangstelling. De saken dy't nijsgjirrich genôch binne nimt it fersetsmuseum op yn de kolleksje. Takom maitiid kinne minsken ek wer ynbringe.