FIDEO: Kat Gizmo sjocht foar it earst syn nije baaske

06 okt 2017 - 15:01

Gizmo hat der lang op wachtsje moatten, mar freedtemoarn wie it dan safier. Nei de oprop op Omrop Fryslân Radio op dieredei, waard hy ophelle troch syn nije eigener Eke van der Werf út Haskerdiken. Gizmo socht in eigener mei in rêstige húshâlding, romte en net te folle drokte. "We moatte mar efkes sjen hoe't it thús giet," seit Van der Werf. "It like myn poes wol doe't ik de beskriuwing op de radio hearde. Myn poes haw ik ferline jier ynsliepe litte moatten nei't er fiif jier siik wie. Dat gie op it lêst net mear. It bistje is wol in jier as tolve wurden. Ik tocht nei de oprop: dit is krekt in poeske foar mei. Prachtich no!"

Njonken de kat wie der op dieredei ek noch in oprop foar it chihuahuaduo Kenzo en Gizmo. Foar har is noch gjin nij baaske fûn. Minsken dy't belangstelling hawwe, kinne kontakt opnimme mei diere-asyl De Wissel (058-2664300).

Trefwurden: 
Gizmo kat dieredei diere-asyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)