Repairkafee los yn Ljouwert

29 okt 2011 - 16:17

Yn Ljouwert is sneontemiddei in saneamd Repairkafee iepene. Minsken mei stikken guod kinne it dêr fergees meitsje litte. It is it earste Repairkafee fan Fryslân. Doel is dat buertbewenners mei-inoar yn kontakt komme en dat de ôffalbergen lytser wurde. Tusken al dit ôffal leit neffens de inisjatyfnimmers genôch stikken guod dat eins noch wol reparearre wurde koe. De organisaasje wol it Repairkafee in pear kear yn 't jier iepenje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)