FIDEO: "Minsken wolle witte wêr't harren iten weikomt"

06 okt 2017 - 14:47

Hieltyd mear Friezen wolle witte wêr't harren iten wei komt. Dat seit Lânskipsbehear Fryslân. Om dizze nijsgjirrige Friezen te helpen is Lânskipsbehear Fryslân mei it projekt Voedselstartups begûn. Freed wie de lêste gearkomste fan it projekt. Yn Fryslân komme hieltyd mear inisjativen lykas doarpstunen, itenskoöperaasjes en ytbere bosken by. Minsken dy't stipe hawwe wolle by harren inisjatyf, kinne by it projekt Voedselstartups telâne.

Voedselstartups is in projekt fan Lânskipsbehear Fryslân yn gearwurking mei netwurkprogramma Eetbaar Fryslân en ûnder oare de Friese Milieu Federatie. Minsken kinne yn de kunde komme mei oare Voedselstartups en krije ynfo oer hoe't se sels wat opsette kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)