Protte skea by stellerij Apple produkten

Dieven hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed ynbrutsen by telekomwinkel Welcom bij Zwaagstra oan de Waagstrjitte yn Dokkum. De dieders koene binnenkomme troch in grouwe stien troch it rút te smiten. Yn inkelde minuten is de folsleine Apple fitrine leechrôve. Hjir stiene ûnder oare iPhones, iPads en Macbooks. De skea dy't ûntstien is by de ynbraak is grut. It is alwer de twadde kear yn in pear wike tiid dat der yn Dokkum yn in telekomwinkel ynbrutsen wurdt. Tiisdei 26 septimber waard der noch ynbrutsen by M&S Telecom oan de Aalsumerpoarte.