Fyftjin moanne sel easke tsjin Harnzer foar drugssmokkel

It iepenbier ministearje hat freed yn Zwolle tsjin sân manlju, wêrûnder in ynwenner fan Harns, selstraffen fan 15 moanne oant 7 jier easke foar it organisearjen fan drugstransporten nei Ingelân en Skandinavië. De transporten fan hasj, heroïne, kokaïne, amfetamine en xtc-pillen wiene tusken novimber 2013 en juny 2014. De fertochten binne tusken de 31 en 60 jier en komme neist Harns út Hilversum, Nieuwegein, Utert, Woerden en Breda. Tsjin de Harnzer waard 15 moanne sel easke, wêrfan 5 op betingst. In loads yn Ermelo spile in sintrale rol by de transporten. In man út Hilversum (34) wurdt troch justysje sjoen as haadfertochte.

De drugshannel kaam oan it ljocht yn Noarwegen, dêr't in transport ûnderskept waard. Dat barde trochdat in drugshûn op de fearboat fan Denemarken nei Noarwegen alaarm sloech by de frachtweinkombinaasje. De oanbelangjende sjauffeur joech iepening fan saken, wêrtroch ek oare drugstransporten oan it ljocht kamen. In transport nei Ingelân koe troch de plysje folge wurde en ûnderskept wurde. By dit transport wie de drugs ferstoppe tusken doazen mei túnkabouters en badsâlt. De rjochtsaak giet moandei en tiisdei fierder. Dan komme de advokaten fan de fertochten oan it wurd. It is noch net bekend wannear't de rjochter útspraak docht yn dizze saak.