Freedsmerk kritysk op LF2018: "Kostet in soad, smyt neat op"

06 okt 2017 - 13:32

"It kostet in protte jild, mar smyt neat op." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it tiisdei presintearre programma fan Kulturele Haadstêd LF2018. "Ljouwert hat de earmste buerten, de measte wurkleazen en de measte tiener-swangerskippen. Litte se dêr earst mar wat oan dwaan!"

Mar lang net elts is negatyf oer de kulturele haadstêd: "Jittik-pissers hawwe je oerol, dit is krekt prachtich foar de stêd en de provinsje", reagearje wer oaren. "Er wordt altijd wel geklaagd, maar er is veel om trots op te zijn in deze stad"."Super! En vooral omdat Leeuwarden er zo geschikt voor is met zijn mooie musea. Ik verwacht ook weer veel 'Friezen om utens' komend jaar!". En yn Wergea is immen al in skoft drok oan it sokbreidzjen: "Ik wol takom jier hûnderten breiden sokjes yn de beam foar hûs ha. Allegearre fleur!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)