Nije atletykbaan Lionitas pas folle letter klear

06 okt 2017 - 13:21

It hie in feestlike iepening wurde moatten heal oktober, mar it draait út op in desepsje. De renovaasje fan de atletykbaan fan AV Lionitas út Ljouwert hie ein septimber klear wêze sillen, mar it wurk leit stil en de oplevering skoot op nei 2018. En sadwaande nimt de frustraasje by atletykferiening Lionitas ta. De feriening moat allerhanne aktiviteiten skrasse en trainingen omsmite.

Foarsitter Kees van Anken is min te sprekken oer de fertraging en wol sa gau as mooglik mei de belutsen partijen, lykas de gemeente Ljouwert, oer in oplossing prate. Lionitas hopet no yn maaie 2018 wer folop yn aksje te kinnen op de fernijde atletykbaan. 

Trefwurden: 
Lionitas Atletykbaan
(advertinsje)
(advertinsje)