Ierappelbedriuw HZPC hat in goed jier achter de rêch

06 okt 2017 - 12:49

Ierappelbedriuw HZPC hat ferline jier in rekôromset fan 318 miljoen euro makke. De winst fan it Jouster bedriuw lei dêrmei op 8,5 miljoen euro. Allinnich yn 2013/2014 hie it bedriuw in hegere winst. De goeie sifers wurde feroarsake troch de oername fan KWS potato en in groeiende merk foar ierappels yn nije lannen en gebieten. Foar it kommende jier ferwachtet HZPC wrâldwiid in lytse stiging fan it totale tal ierappels dat ferkocht wurde sil. Dat sil wol gearhingje mei in lytsere marzje as yn it ôfrûne jier. Dit komt troch de lege Europeeske prizen foar konsumpsje-ierappels. Dit hat as gefolch dat der in krappere merk is foar sertifisearre poatguod.
 

Trefwurden: 
HZPC ierappels ekonomy
(advertinsje)
(advertinsje)