Kollum: ''Tom Petty''

07 okt 2017 - 08:30

''Je ha as jonge of famke faaks dreamen oer je takomst. Je wolle by de brânwacht, of je wolle fuotballer wurde. Ik woe doe’t ik lyts wie leafst as kok of ober oan de slach, mar dat feroare al gau. It binne meast romantyske beroppen dêr’t je fan dreame. Ik ha noch nea immen fan in jier as tsien blier sizzen heard dat hy of sy letter op in belestingkantoar wurkje wolle of dat se oars nergens foar gean sille as foar Arbo arts yn in keal kantoarke ergens op de tredde ferdjipping fan in saai kantoarkompleks yn in middelgrut Frysk plak. Dochs binne der mear minsken dy’t yn ditsoarte funksjes bedarje dan guon dy’t wrâldferneamd wurde.

Je meitsje geandewei jo libben in rasjonele kar oer wat yn jo situaasje reëel is en wat je dwaan kinne om de kost te fertsjinjen. En dan blykt dat je net goed genôch fuotbalje kinne, net genôch talint ha om keunstskilder te wurden en dus wurde je mar wat wol yn jo mooglikheden leit. Eins is dat spitich, want je dreamen neijeie is folle moaier. Spitigernôch leveret dat meastentiids gjin droech brea op en in minske moat dochs ite.

Ik bin bang dat ik mei de twadde helte fan myn libben dwaande bin. Statistysk besjoen is dat in útmakke saak as je boppe de fjirtich binne. De measten fan ús sille de hûndert net helje. Binne der dan noch doelen? Jawis. Ik ha de twadde helte fan myn libben in sprint ynsetten. Ik bin begûn te skriuwen, ik ha de sigaret ôfsward en ha noch ien fan myn winsken wiermakke. Want as jonge woe ik stomme graach yn in band spylje. Mar dat kaam der nea fan. Pas doe’t ik mei myn dochter nei de muzykskoalle gie, bin ik sels ek wer wat oan in pielen rekke mei myn swarte Eko gitaar.

Sûnt in oantal jierren bin ik ûnderdiel fan in echte band. En dat is in freoneklup mei de namme It Bokwerder Onbelang. Ja, yn neitins oan Rink van der Velde, de grutste folksskriuwer dy’t Fryslân ea hân hat. We binne fia ynternet mei elkoar yn de kunde kaam en fan it iene kaam it oare. Doe’t ik in namme fan in muzikant neamde as mooglike kandidaat om te coverjen, wie dat daliks rekke.

En wer ûntfoel ús dizze wike in ikoan. Berne yn Gainsville, Florida. Syn namme: Tom Petty. Yn tsjinstelling ta de measten wie hy as jonge allinnich mar mei syn dream dwaande. Muzikant wurde. En hy slagge der wol yn om syn dream nei te jeien. Hy spile mei syn band The Heartbrakers oer de hiele wrâld en foarme mei Bob Dylan, Roy Orbison , George Harrison en Jeff Lynne The Travelin Wilburys.

Hy skreau prachtige, poëtyske teksten en bypassende meldijen, dy’t net te dreech wienen om manmachtich mei te sjongen. Dat dienen de minsken ek, sjoch der mar ris in live konsert op nei. Yn Nederlân hat er nea de status fan pak him beet Bruce Springsteen krigen, mar yn Amearika wie er in hiele grutte. De leden fan it Bokwerder Onbelang wienen unanym doe’t we syn muzyk keazen om te spyljen. Wy spylje Tom Petty en ek in pear nûmers fan de band dêr’t er yn begûn, Mudcrutch.

No is er der net mear, mar syn muzyk bliuwt. En ik hoopje dat ik noch hiel lang achter myn dreamen oangean mei. Want stikem bin ik wol jaloersk op guon dy’t dat al dienen doe’t se sa jong wienen as Tom Petty, doe’t hy besleat om muzyk te meitsjen. Hy hat der sels in nûmer oer skreaun. Runnin’ down a dream. De titel dekt de lading.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)