Nij boek fan Johan de Jong oer tsjerkûlen

Biolooch en ûle-ûndersiker Johan de Jong hat in nij boek skreaun: De Kerkuil - ecologie, gedrag en bescherming. It is in neislachwurk mei de meast resinte ynformaasje oer de goudûle, sa't de fûgel yn Fryslân ek wol neamd wurdt. De tsjerkûle waard yn de jierren santich mei útstjerren bedrige. Oer hiel Nederlân wiene doe mar hûndert briedpearen, en yn Fryslân mar acht. Johan de Jong is doe in rêdingsplan begûn, mei help fan in protte frijwilligers en wurkgroepen yn it hiele lân.

Troch it pleatsen fan nestkasten yn âlde pleatsen en skuorren kaam der wer folle mear briedplak foar de goudûle. Op dit stuit hat de goudûle wer in stabile populaasje. Yn goeie jierren binne der sa'n 3000 briedpearkes yn Nederlân en 550 yn Fryslân. It boek 'De Kerkuil' fan Johan de Jong wurdt sneon 7 oktober presintearre op de Landelijke Uilendag yn Meppel.