Plysje krijt alve nije tips yn saak Tjeerd van Seggeren

06 okt 2017 - 11:26

It resjerzjeteam dat de dea fan Tjeerd van Seggeren út Kollumersweach ûndersiket, hat alve nije tips krigen. It team sil alle tips no fierder ûndersykje. De tips kamen de ôfrûne wike binnen, nei in nije oprop fan de plysje. De plysje hat oanwizings dat Van Seggeren nei alle gedachten troch in blauwe auto oanriden is doe't hy lâns de Lange Reed rûn. Om watfoar type auto of wein it giet wyt de plysje noch net.

Van Seggeren soe oppikt wurde op de krusing fan de Bûterwei en de Fogelsang, mar is dêr nea oankaam. Hy hie flak dêrfoar nei in muzykfestival west yn syn wenplak. Van Seggeren waard op snein 9 july dea fûn yn in greide by De Westereen. 

Trefwurden: 
Tjeerd van Seggeren
(advertinsje)
(advertinsje)