Al tûzenen oanmeldings foar At the Watergate

Freedtemiddei waard de namme 'At the Watergate' bekendmakke © Omrop Fryslân, Rob Dijkstra
It European Youth Music Festival yn Snits is pas yn maaie 2018, mar no al hawwe 3000 jonge muzikanten fan 100 orkesten en muzykgroepen har oanmelden. Dat is de helte fan it tal beskikbere plakken foar it festival mei de namme At the Watergate. De organisaasje is feralterearre troch de grutte belangstelling. De orkesten komme út hiel Europa, fan Spanje oant Noarwegen. Dielnimmers kinne harren oant 30 novimber ynskriuwe. At the Watergate telt sa'n 1000 optredens op 49 podia en is fergees tagonklik. Der wurde sa'n 60.000 besikers ferwachte.