Archeologysk ûndersyk by Harnzer Suderhaven

In âld hearehûs en ek noch oare bebouwing deromhinne yn Harns wurdt drok ûndersocht troch archeologen. Se ûndersykje wat der 300 jier lyn oan de râne fan de stêd stie en wat der no noch fan oer is. Op it hoekje fan Steenhouwerstrjitte en de Suderhaven wurdt in nije entree fan de stêd makke. It gebiet wurdt no bouklear makke. De gemeente lit no archeologysk ûndersyk dwaan nei de oerbliuwsels fan de bebouwing om 1600 hinne. De grûn is fersmoarge en moat saneard wurde. Fanwege de ferwachtingen dat der mooglik bysûndere fynsten dien wurde kinne wurdt dit proses troch de archeologen begelaat. It wurk nimt in pear wike yn beslach.

Neidat begûn wie mei de sloop fan de gebouwen dy't der stiene, waard fuortendaliks dúdlik dat der restanten fan eardere bebouwing wiene. Trije huzen soene op dit plak stien hawwe. Op de stêdsplattegrûn fan 1610 stie in grut hûs, dat nei alle gedachten it Engelse Huys neamd waard. Under dit hûs wie in grutte kelder. De archeologen hoopje dêr meikoarten mear fan bleat te lizzen. Dêrnei wurdt de grûn bouryp makke. Alle fynsten wurde digitalisearre opslein.