Minder ikeprosesjerûpen yn Fryslân

06 okt 2017 - 10:50
Ikeprosesjerûpen

Der binne it ôfrûne jier yn Fryslân minder ikeprosesjerûpen fongen. Yn de krapoan 1800 fallen foar de flinters yn ús provinsje, Grinslân, Drinte, Gelderlân en Noard-Hollân binne minder bistjes oantroffen. It gemiddelde tal flinters gie mei mear as 30 prosint omleech, yn Fryslân wie in delgong fan sa'n 10 prosint. Dat komt nei alle gedachten troch it waar. Troch de waarmte yn juny binne in soad rûpen fan de nêsten yn de beammen de grûn yn gien. Dy sille nei alle gedachten letter útkomme. Tagelyk koene de flinters troch swiere reinbuien net útfleane.

Trefwurden: 
ikeprosesjerûp
(advertinsje)
(advertinsje)