Grutte ynteresse foar klimaattop Noord 2017

06 okt 2017 - 10:13

Der hawwe har al mear as 200 inisjativen oanmelden foar de Klimaattop Noord 2017, dy't op 9 novimber yn Grins hâlden wurdt. Ferfierbedriuw Arriva, de Gasunie, soarchkoepels, gemeenten en MKB-bedriuwen dogge mei. Dat lit neffens de trije Noardlike provinsjes sjen dat der in soad belangstelling is foar it ûnderwerp. Sprekkers binne ûnder oare klimaatkundige Marcel Beukeboom, klimaatsjoernalist Bernice Notenboom en wetterstofsaakkundige Ad van Wijk. De top moat oare inisjativen op gong bringe. Sa wol de Gasunie in akkoard slute oer wetterstofstasjons.

(Advertinsje)
(Advertinsje)