Meijerink foarsitter kolleezje fan bestjoer Friese Poort

06 okt 2017 - 09:45

Remco Meijerink is beneamd ta foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan regionaal opliedingssintrum Friese Poort yn Ljouwert. Meijerink is sûnt 2016 lid fan it kolleezje fan bestjoer. Hy folget Micha van Akkeren op as foarsitter.

Mei de beneaming fan Meijerink is neffens it skoalbestjoer keazen foar kontinuiteit. Meijerink hat fjirtjin jier ûnderfining yn it middelber beropsûnderwiis.

(advertinsje)
(advertinsje)