Kollum: "Redbad de film"

06 okt 2017 - 08:20

"Ofrûne freed skeat de buorman fan de Wartenahoeve my oan. Hy sei dat er gasten hie dy’t mei har hynder as figurant meidiene oan de nije Redbadfilm fan Klaas de Jong en Roel Reiné. De opnames wiene de sneons yn Earnewâld en hy tocht dat it ek wol wat foar Mindert en my wie.

No is Mindert al fan ‘e mik as ús fytsen op in oar plak steane as normaal en ik miende ek dat se allinnich mar manlju sochten. Ik hie my net opjûn mar sei dat ik der wol graach hinne woe. Dit wie fansels dè kâns om stoere mannen op hynders te sjen. Doe mocht ik mei ien fan de gasten mei en sadwaande siet ik sneontemoarns seis oere by in folslein frjemde keardel yn ‘e auto.

Op ‘e set moast hy nei syn hynder en yn ‘e make-up. Dus ik spaande dêr wat om en joech myn eagen goed de kost. In pear hûndert figuranten, meast manlju en allegear mei it foarkommen fan in ridder of in Wytsing. Ik waande my yn ‘e himel en it wie in pracht om te ûnderfinen hoe’t sa’n dei ferrint.

Doe’t de figuranten yn aksje komme mochten, moasten se it fjochtsjen oefenje. De Friezen tsjin ‘e Franken en ik stie der mei in oare frou nei te sjen. ‘It liket noch net sa echt,’ sei se. ‘Se laitsje allegear.’ ‘It bliuwe jonkjes,’ antwurde ik. ‘Jou se in swurd en se binne bliid.’ Wier, lûk in man in harnas oan, jou him in grut plestik swurd en dan krijst in hiele keardel. Se wiene yn dy tiid ek al behoarlik genderneutraal klaaid yn tuniken fan lear, katoen of jute mei in soarte fan legging en hege learzen derûnder.

Ik fûn de klean prachtich! It seach der allegear sa realistysk út, mar ik betocht my dat it eartiids wierskynlik net hiel fris west hat. It lân wie sa wiet dat se guon sênes net iens dwaan koene. En ast dan neigiest dat dy manlju yn it ferline ek yn lear en skieppehûden rûnen, dan kin ik my goed yntinke dat se mei fochtich waar nei in âlde wiete hûn stonken. Want se dûsten en wosken doe grif net sa faak as no. Lear en hûden kinst eins net iens waskje. En yn dy midsiuwske learzen hiene se gau wiete fuotten. Opdrûge switsokken en opdrûge hûden yn sa’n hutte boppe de iepen hurd… ik rûk it suver al.

As je figurant wurde wolle dan is der eins mar ien ding dat je hiel goed kinne moatte en dat is oeren wachtsje. Ast gjin geduld hast, kinst der better net oan begjinne mar dat jild ek foar de regisseur, produsint, minsken fan ‘e smink en oare meiwurkers want sa’n produksje kostet in protte tiid. En as je dan úteinlik in pear hûndert figuranten by elkoar ha, dan wurket it waar net mei sadat alles wer oars wurdt. Ik ha der respekt foar en fûn dat se it allegear goed foar elkoar hiene. Stallen foar de hynders yn grutte tinten, iten, drinken en ik ha nimmen flokken heard.

Mar it moaiste fan dizze dei fûn ik de wat âldere figurant mei in megastoer kapsel. Hy paradearre op in Frysk hynder oer it ‘slachfjild’ dêr’t se ynearsten klear wiene. Syn frou stie op ‘e dyk en op in bepaald momint rôp se: ‘Zal ik je krukje even halen? Dan kun je er af komen!’ Ik moast sa gnize want hoe stoer oft se der ek út sjogge, sûnder de frou wurdt it neat.

Nijsgjirrich wurden? Kinst dy noch opjaan as figurant op www.redbaddefilm.nl"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)