Argentynske famylje Zapp komt nei Himmelum

De famylje Zapp © Facebook, Familia Zapp
De wrâldferneamde Argentynske famylje Zapp, dy't al 17 jier yn in oldtimer oer de wrâld reizget, komt op 24 oktober nei Fryslân. Horacio Soria, dy't sels út Argentinië komt, en syn partner Tynke de Ree fan Warkum organisearje in feestlik evenemint foar de famylje yn Himmelum op buorkerij De Flinkefarm.
Húshâlding Zapp is op it stuit al yn Nederlân. Candelaria en Herman Zapp begûnen 17 jier lyn oan in reis yn harren oldtimer fan Buenos Aires nei Alaska, mar se binne nea ophâlden mei riden. Yntusken ha se fjouwer bern.