Keart de universiteit wer werom yn Frjentsjer?

05 okt 2017 - 22:34

Nei 200 jier moat Frjentsjer wer in universiteitsstêd wurde. Dêr is tongersdeitejûn yn de Botniastins yn it sintrum fan de stêd in yntinsjeferklearring foar ûndertekene. Der binne plannen fan Campus Fryslân om yn dat gebou kolleezjes te jaan oan sa'n 80 studinten.

Tema's kinne wêze: astronomy, rjochten, psychiatry, keunst en duorsume lânbou. Bygelyks yn de foarm fan in wykein- en simmerskoalle. Sa wurde der programma's ûntwikkele foar koarte modulen, foar minsken dy't krekt ôfstudearre binne of dy't oan it wurk binne. It sil yn earsten in lytsskalige dependance wurde fan de Ryksuniversiteit Grins, krekt lykas yn Ljouwert. Sa is it ek finansjeel helber.

Boargemaster Eduard van Zuijlen fynt it in belangrike ûntwikkeling foar syn stêd en de regio. Sa kin hjirtroch bygelyks it planetarium makliker op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO komme. Jouke de Vries fan Campus Fryslân die ek in oprop oan de oanwêzigen om te kommen mei kreative ideeën en fraachstikken foar de Akademy. Dêr wiene minsken útnûge út ferskillende sektoaren lykas de polityk, it bedriuwslibben, de psychiatry en fansels it ûnderwiis.

De seremoanje waard ôfsletten mei in toast. Net mei sjampanje, mar mei bier yn sjampanjeglêzen, want ek dat wie in tradysje fan de âlde Frjentsjerter Akademy.

(advertinsje)
(advertinsje)