Jildboete en wurkstraf foar ôfsnijen op de A7

05 okt 2017 - 22:18
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 21-jierrige ynwenster fan Aldegea, gemeente Smellingerlân, dy't foarich jier op 8 july tusken Grins en It Hearrenfean op de A7 in oare autorider twong om mei riden op te hâlden, is tongersdei troch de rjochter feroardiele ta in jildboete en in wurkstraf ûnder betingst.

De frou fûn dat de oare bestjoerster har ôfsnien hie, gie as reaksje dêrop foar har riden en twong har om stil te stean. Dy hâlde stil op de flechtstreek en seach dat de frou út Aldegea tsjin de auto oan trape en de auto mei in skroevedraaier skansearre.

Fiif dagen letter hie de frou út Aldegea hast in brân feroarsake yn in appartemint yn Drachten. De rjochter lei har in wurkstraf fan 60 oeren ûnder betingst op en in boete fan 500 euro, wêrfan de helte ûnder betingst. Oan de frou dy't se op de A7 ôfsnien hat, moat se 300 euro betelje.

Trefwurden: 
Aldegea A7 wurkstraf jildboete
(advertinsje)
(advertinsje)