Tytsjerksteradiel: rydbewiis tenei op ôfspraak oanfreegje

05 okt 2017 - 21:42
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

Samar delkomme om in reisdokumint, úttreksel of rydbewiis oanfreegje is fan 9 oktober ôf ferline tiid by de gemeente Tytsjerksteradiel. Fan dan ôf bart dat allinnich noch mar op ôfspraak.

It idee is dat meiwurkers dan fan tefoaren taret binne en sa flugger wurkje kinne. Op dy manier hopet de gemeente dat de wachtrigen lytser en wachttiden koarter wurde. Reisdokuminten en rydbewizen ophelje kin noch wol sûnder ôfspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)