Frou kriget wurkstraf foar dertroch jeien fermogen mem

05 okt 2017 - 20:45
De rjochtbank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 44-jierrige ynwenster fan de gemeente De Fryske Marren is tongersdei feroardiele ta in wurkstraf fan 150 oeren en seis moanne selstraf ûnder betingst. De frou hat fan 2011 ôf oant mids 2016 omtrint it komplete fermogen fan har mem - goed 120.000 euro - fergokt.

De saak kaam oan it rôljen doe't de wenningbouferiening de hier fan de mem net mear automatysk ynkassearje koe. De boargerlike rjochter hie earder dit jier, yn maaie, al sein dat de frou it folsleine bedrach werombetelje moat.

Trefwurden: 
De Fryske Marren
(Advertinsje)
(Advertinsje)