Wikseljend Frysk shorttracksukses yn Dordrecht

05 okt 2017 - 20:08
Foto: www.awfoto.nl

Wikseljende prestaasjes foar Suzanne Schulting tongersdei by de wrâldbekerwedstriden yn Dordrecht. De shorttrackster fan De Tynje pleatste har foar de heale finales fan de 1500 meter, mar net foar dy fan de 500 meter. Op dy lêste ôfstân makke Schulting in falske start en waard se om dy reden út de race helle.

By de manlju pleatsten Ljouwerter Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt fan Bantegea harren sûnder al te folle problemen foar de heale finales op de 1500 meter. Dy oare Fryske shorttracker, Daan Breeuwsma fan Akkrum, slagge dêr net yn: hy gie ûnderút doe't er oan it ynheljen wie. Breeuwsma pleatste him letter op de dei wol foar de kwartfinales op de 500 meter. Datselde die Knegt ek.

De finales op dizze ôfstannen wurde sneon ferriden. Freed steane de relays en de foarwedstriden en heats fan de 1000 meter op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)