Wethâlder Stoker wol skea op 'eigen' gemeente ferhelje

05 okt 2017 - 19:11
Durk Stoker - Foto: Gemeente Sudwest Fryslân

Wethâlder Durk Stoker wol de skea fan in ûngelok dat er ferline jier hân hat flakby syn wenplak, op de gemeente Súdwest-Fryslân ferhelje. Stoker koe troch it ûngelok in skoft net wurkje. Tafal wol dat Stoker as wethâlder diken yn syn portefúlje hat en krekt it grit op de dyk hat it ûngelok feroarsake.

De fraksje fan Gemeentebelangen Totaal Lokaal fynt it apart dat Stoker de skea ferhelje wol, want in wike foar it ûngelok wist Stoker al fan de problemen op de dyk, seit riedslid Klaas Jan Semplonius fan Gemeentebelangen. Gemeentebelangen Totaal Lokaal stelt de kwestje tongersdeitejûn oan de oarder yn de ried. Wethâlder Stoker wol dêrfoar net reagearje, mar seit dat er de diken yntusken net mear yn syn portefúlje hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)