Oerienkomst ûndertekene oer nij Ljouwerter wensintrum

05 okt 2017 - 17:16
Sa moat it nije gebou derút komme te sjen - Foto: De Noorderbrug

Soarchorganisaasje De Noorderburg en boubedriuw Van Wijnen ha tongersdei in oerienkomst ûndertekene foar in nij gebou oan de Sixmastrjitte yn Ljouwert. Dêr moat in wen- en talintesintrum komme.

De Noorderbrug behannelet en begeliedt minsken mei net-oanberne harsenletsel en groanyske neurologyske oandwanings. Yn it nije gebou komme santich minsken te wenjen én te wurkjen. Dizze minsken, harren famylje en de meiwurkers fan De Noorderbrug wurde by it hiele bouproses belutsen.

Wensintra De Kaap, De Kazerne en Het Noordvliet en talintesintrum De Cande gean op yn it gebou oan de Sixmastrjitte. Alle fergunnings foar it nije gebou binne binnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)