Skiermûntseach krijt nije rampewein

05 okt 2017 - 16:31

Skiermûntseach hat in nije rampewein krigen. It team fan frijwillige helpferlieners op it eilân kin de nije wein brûke foar medyske help by kalamiteiten. Dat frijwilligersteam wurdt ynset as de gewoane helpferliening it net oankin.

Foar helpferliening op de Waadeilannen binne spesjale regels yn it gefal fan in ramp. Omdat help fan it fêste lân der net samar is, moatte se har earst sels rêde. Dêrom ha se dêr spesjale kalamiteiteweinen en binne der eilanners dy't traind binne om de ambulânsesoarch te stypjen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)