Plysje hâldt yn Drachten fiif ynbrekkers oan

© ANP
De plysje hat woansdei yn Drachten fiif fertochten fan meardere ynbraken oanhâlden. Earst waarden in 14-jierrige jonge út Easterwâlde, in 16-jierrige jonge út Aldehaske en in 15-jierrige Drachtster oanhâlden, om't sy fertocht wurde fan meardere ynbraken earder op de dei oan de Noarderdwersfeart.
By ien fan dy ynbraken waarden se op 'e die trappearre troch in 17-jierrich famke, dat op har beurt bot skrok fan de ynbrekkers. Letter op de middei hâlde de plysje twa 18-jierrige manlju út Drachten oan dy't ynbrekke woene oan de Engwerd. Ien fan de ynbrekkers waard troch bewenners oanhâlden, de twadde naaide earst út mar waard efkes letter troch de plysje oppakt. Alle fiif fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk.