Lindefestival earder fanwege betinking geweldslachtoffers

05 okt 2017 - 16:10
Gemeentehûs Weststellingwerf - Foto: Gemeente Weststellingwerf

It Lindefestival yn Wolvegea is takom jier in wike earder as oars. Dat hat de organisaasje besletten om romte te jaan oan de lanlike betinkingsdei foar geweldslachtoffers, dy't takom jier op 22 septimber yn Wolvegea hâlden wurdt. It Lindefestival is dêrom fan 13 oant en mei 15 september 2018.

Dit jier wie de lanlike betinking yn Rotterdam. Der komt ûnder oare in betinkingstocht troch it sintrum, en de nammen fan slachtoffers wurde foarlêzen. Neffens boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf is de betinkingsdei belangryk foar neibesteanden fan geweldslachtoffers. Op dy dei wurde de gefolgen fan geweld op in yndrukwekkende manier ûnder de oandacht brocht, seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)