Rederij Doeksen skrast freed twa sneltsjinsten fanwege waar
Rederij Doeksen skrast freed twa fan syn sneltsjinsten op Flylân. Dat hat te krijen mei it waar dat ferwachte wurdt. It giet om de boat fan Harns nei Flylân dy't oars om 13.30 oere farre soe. De boat fan Flylân werom nei Harns, in oere letter, giet ek net.