Kolleezje B&W Harns wol kultureel sintrum

05 okt 2017 - 15:54
Sintrum fan Harns

It kolleezje fan B&W yn Harns wol in kultureel sintrum yn harren stêd bouwe litte. Dat waard tongersdei bekendmakke. Dat sintrum soe op de Foarstrjitte ferskine moatte en ûnderdak jaan oan boekhannel Van der Velde, de biblioteek en it Hannemahûs.

Mei de komst fan dit sintrum wol it kolleezje in ympuls jaan oan it winkelgebiet yn Harns. Wethâlder Hein Kuiken sjocht kânsen: "Door de krachten te bundelen kunnen we stappen zetten op het gebied van digitalisering, laaggeletterdheid, deelname aan kunst en cultuur en meer mensen volwaardig onderdeel laten zijn van de maatschappij."

Op 31 oktober fynt de beslútfoarming hjiroer plak yn de gemeenteried.

Trefwurden: 
Harns kultureel sintrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)