Prate oer sirkulêre ekonomy op kongres yn Easterwâlde

05 okt 2017 - 15:51

Neat mear fuortsmite. Gjin ôffal mear, mar alles op 'e nij brûke. Dat is de kearn fan in sirkulêre ekonomy. Bedriuwen, oerheden en skoallen yn it Noarden binne der al in skoft drok mei oan de gong. En dat wolle se graach sjen litte oan de rest fan de wrâld. Dêrom is der tongersdei in grut kongres oer organisearre yn Easterwâlde. Net tafallich dêr, want dêr leit it Ecomunitypark, dêr't bedriuwen en skoallen ek drok dwaande binne mei de sirkulêre ekonomy.

Sy ha dus wol troch dat it om in belangrike saak giet, mar neffens ûndernimmend ekolooch Willem Ferwerda kin dat wol wat better by de gruttere organisaasjes. "De urgentie is groot, maar nog niet groot genoeg. Het begint door te dringen bij dit soort groepen, maar bij grote bedrijven en de politiek is die langetermijnaanpak nog niet helemaal doorgedrongen en dat moet komen." Neffens Ferwerda moat der in hiele nije oanpak komme mei de ekology as basis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)