Beswier Sis Tsiis tsjin provinsje net ûntfanklik ferklearre

De beswierskriftekommisje hat tongersdei it beswier dat aksjegroep Sis Tsiis tsjin de provinsje Fryslân yntsjinne hie, net ûntfanklik ferklearre. Sis Tsiis is it der net mei iens dat skoallen frijsteld wurde om les te jaan yn it fak Frysk, dat in ferplicht fak is. Sis Tsiis fynt dat it krijen fan ûnderwiis yn de memmetaal in minskerjocht is.
De kommisje hat it beswier net ûntfanklik ferklearre om't it in beliedsmaatregel is en dy kinne net op dizze wize oanfochten wurde. Boppedat kaam it beswier neffens de kommisje te let binnen. It beswiertermyn is seis wike, wylst de beliedsmaatregel al fan 2015 is.
Sis Tsiis jout him der net by del en giet op 19 oktober yn petear mei deputearre Sietske Poepjes. Ek slút Sis Tsiis net út dat der fierdere juridyske stappen set wurde. De sitting fan de beswierskriftekommisje waard bywenne troch santjin aktivisten en sympatisanten fan Sis Tsiis. It kolleezje fan Deputearre Steaten waard fertsjintwurdige troch trije amtners.