5 fragen oer joadiumpillen by in kearnramp

In kearnramp? Net ien sit dêr op te wachtsjen fansels, mar it kin al barre en dan kin je mar better taret wêze. Mei dy gedachte stjoert de oerheid tusken 10 en 25 oktober joadiumpillen nei 1,2 miljoen húshâldens yn gebieten yn Nederlân dy’t te krijen meitsje kinne mei in kearnramp. Ek de Súdeasthoeke fan Fryslân komt dêr foar yn oanmerking. As minsken de tabletten yn 'e hûs ha, kinne se dy yn gefal fan need daliks brûke, sa seit de oerheid. Mar wat bin no eins joadiumpillen en wêrom kriget net elkenien se tastjoerd? Fiif fragen en antwurden oer it hoe en wat.
Wêrom krije net alle Friezen joadiumpillen?
Yn ús provinsje binne de joadiumpillen allinnich bestimd foar bern tusken de 0 en 18 jier yn de gemeenten It Hearrenfean, Weststellingwerf, Eaststellingwerf en Opsterlân. Yn totaal giet it dêr om sa'n 26.500 minderjierrigen. Sy krije de pillen om't se himelsbreed binnen 100 kilometer fan in kearnsintrale wenje, yn dit gefal dy yn it Dútske Lingen krekt oer de grins by Emmen. Jonge minsken ha de grutste kâns op skyldklierkanker troch radio-aktyf joadium. Ynwenners fan Fryslân boppe de 18 jier rinne gjin ekstra risiko. Froulju dy’t yn ferwachting binne, hearre wol by de doelgroep, mar krije de tabletten net tastjoerd fan de oerheid. Sy kinne se sûnder resept keapje by de apoteek of drogist, krekt as oare minsken dy’t se wol ha wolle (advyspriis 2,95 euro). Op dizze webside kinst sjen nei hokker postkoades de pillen ferstjoerd wurde.
Hoe wurket in joadiumpil eins?
Yn in joadiumpil sit de wurksume stof kaliumjodide. Dit middel beskermet de skyldklier tsjin radio-aktyf joadium dat frijkomme kin by in kearnramp en kanker feroarsaakje kin. Troch it ynnimmen fan de pil rekket de skyldklier fol mei net-radio-aktive joadium en is der gjin plak mear foar de radio-aktive stof.
Wannear moat ik in joadiumpil ynnimme?
Ynname is allinnich needsaaklik by in kearnramp en as de radio-aktive wolk dyn kant opkomt. De pillen wurkje trouwens allinnich as se op it goede momint ynnaam wurde, net te betiid en net te let. De oerheid jout dêrom it goede momint oan en dat kinst yn de gaten hâlde fia NL-Alert, crisis.nl en radio en telefyzje.
Hoelang binne joadiumpillen hâldber?
De tabletten binne 10 jier lang hâldber, sjoch foar de datum op de ferpakking. Iepenje de ferpakking pas op it momint dat se brûkt wurde moatte. It is handich om de pillen op in maklik te ûnthâlden plak te bewarjen, bygelyks yn it medisynkastke by de oare medisinen.
As ik in joadiumpil ynnim, bin ik dan folslein beskerme?
Nee, dat is spitigernôch net it gefal. De tabletten beskermje allinnich tsjin radio-aktyf joadium en net tsjin oare radio-aktive stoffen dy’t by in kearnramp frijkomme kinne. Se wurkje minimaal 24 oeren. Dêrnei is in radio-aktive wolk meastentiids wol oerwaaid, mar bygelyks drinkwetter, fleis en griente kin ek besmet reitsje. De oerheid sil dêr dan oanfoljende maatregels foar nimme.
Wiidweidige ynformaasje oer de joadiumtabletten is te finen op de webside fan de Ryksoerheid.