Ofbrânde sporthal Westermar yn Burgum moat sloopt wurde

05 okt 2017 - 14:34

Sporthal Westermar yn Burgum, dy't woansdeitenacht ôfbrânde, moat sa gau as mooglik sloopt wurde. Dat sei boargemaster Jeroen Gebben tongersdeitemiddei. De gemeente Tytsjerksteradiel ropt ferieningen op om kommend wykein gjin gebrûk te meitsjen fan de sportfjilden by de sporthal.

Der is ek skea oan it keunstgersfjild neist de hal, dat troch de hjitte fan it fjoer diels raand is. Pas nei dit wykein moat dúdlik wurde wêr't de brûkers fan de sporthal de kommende tiid telâne kinne. Der is noch hieltyd gjin dúdlikheid oer de oarsaak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)