Keatsferiening Doanjum stapt begjin takom jier út de KNKB

05 okt 2017 - 13:58

De keatsferiening Moed en Volharding út Doanjum stapt per 1 jannewaris 2018 út de KNKB. In opmerklike stap, want de 118 jier âlde keatsferiening wie in fêste faktor binnen it keatsbûn. Ek troch it jierliks organisearjen fan in haadklassepartij foar manlju. Mar dat is no aanst dien.

It protte lytse ferieningen hawwe it dreech. Dat wie ek it gefal by Moed en Volharding. Om't de feriening jierliks in haadklassepartij foar de manlju organisearre, moast der ek in partij foar froulju organisearre wurde. Dat koste de feriening in soad jild.

(Advertinsje)
(Advertinsje)