Cambuur op besite by 'deeglik' FC Emmen

05 okt 2017 - 13:01

Cambuur spilet freed de útwedstriid tsjin FC Emmen. En dat kin wolris in drege wedstriid wurde, sa sei trainer Marinus Dijkhuizen nei de training tongersdei. "Emmen heeft in de competitie nog niet verloren. Ook niet veel gewonnen, maar het is een degelijke ploeg. Zij spelen heel behoudend; een vervelende ploeg om tegen te spelen". Lykwols is de trainer optimistysk oer it treffen mei de Drinten. "Wij moeten het niveau halen zoals tegen MVV, Helmond Sport en Go Ahead Eagles, dan liggen er zeker kansen."

De trainer woe neat kwyt oer it te spyljen systeem. "We kunnen twee systemen spelen: 4-3-3 en 5-3-2. Ik vertel dat nu nog niet". Ek woe hy de basisopstelling noch net kwyt. Wol sei Dijkhuizen dat as syn ploech 5-3-2 spylje sil, der in basisplak ynromme wurdt foar Martijn van der Laan. Matthew Steenvoorden is wer werom nei syn skorsing. En Furdjell Narsingh is ek taheakke oan de seleksje. De âld-Cambuur spiler hat in kontrakt tekene foar in jier. Narsingh hat in jier traind by de amateurs fan Blau Wyt '34, mar siet al wer by de beloften fan Cambuur.

Karim Rossi is sa'n 4 oant 6 wiken útskeakele. Dijkhuizen: "Dat is een grote aderlating. Afgelopen maandag bleek uit een MRI scan dat de blessure aan het middenvoetsbeentje toch ernstiger was dan verwacht."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)