Spits Karim Rossi noch wiken út de rûlaasje

05 okt 2017 - 12:09
Foto: awfoto

SC Cambuur kin de kommende wiken net beskikke oer spits Karim Rossi. De Switserske oanfaller is sa'n fjouwer oant seis wiken net ynsetber troch in blessuere oan syn middelfoetsbonkje. Ferline wike miste Rossi dêrtroch ek al de thúswedstriid tsjin RKC Waalwijk. Moandei hat út in MRI-scan bliken dien dat de blessuere slimmer is as earst tocht.

Trainer Marinus Dijkhuizen baalt fan it fuortfallen fan Rossi: "Ik had echt het gevoel dat de stukjes in elkaar pasten", sa sei de trainer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)