Brânwacht útriden nei wenningbrân yn Ljouwert
De brânwacht fan Ljouwert is niiskrekt mei meardere brânwachtauto's útriden nei in wenningbrân oan de Schuilenburg. De brânwacht hat opskaald nei in middelbrân. It giet om in brân yn in twa-ûnder-ien-kapwenning. It hûs fan de buorlju wurdt wiet hâlden om foar te kommen dat de brân oerslacht. Der binne gjin minsken yn de hûzen.