FOTO/FIDEO: Stoarm soarget foar skea yn de provinsje

05 okt 2017 - 11:42

It stoarmet yn Fryslân. Fanwegen de hurde wyn komme út ferskate plakken yn 'e provinsje meldings fan stoarmskea binnen. Ek de Meldkeamer Noard-Nederlân hat it drok, dêr komme ek in soad berjochten binnen. Fanwege de hurde wyn hat it KNMI koade oranje ôfkundige yn de hiele provinsje. Yn Harns binne meardere beammen omwaaid en yn Broeksterwâld waaide in beam tsjin in hûs. Yn dit artikel in oersjoch fan dizze stoarmdei, yn foto's.

Hasto sels foto's fan stoarmskea? Mail dizze nei foto@omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
stoarm skea Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)