Flater yn begrutting It Bilt: tekoart fan hast fiif ton

05 okt 2017 - 11:30

De gemeente It Bilt hat in flater makke by it opstellen fan de begrutting oer 2017. Dêrtroch driget in tekoart fan 495.000 euro te ûntstean, yn plak fan in posityf saldo fan 21.000 euro. It kolleezje hat de riedsleden justerjûn ynformearre. Der binne beoardielingsfouten makke by de analyze en yn de software fan de kompjûters sitte ek fouten. Neffens it kolleezje hat de ynterne kontrôle op it begruttingsproses net foldwaande west.

De fouten waarden net ûntdutsen troch feroaringen yn de regeljouwing, sa seit de gemeente. It kolleezje seit ''onaangenaam verrast'' te wêzen. De gemeente jout wol oan dat de algemiene reserve fan 1,8 miljoen euro foldocht om it tekoart op te fangen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)