Grouster sân kear betrape op riden sûnder jildich rydbewiis

05 okt 2017 - 10:52
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

De plysje yn Ljouwert hat woansdei in 26-jierrige automobilist út Grou foar de sânde kear betrape op it riden mei in ûnjildich rydbewiis. De man is yn it ferline meardere kearen oanhâlden foar it riden mei drank op en dêrom waard syn rydbewiis ynnaam. De dôfhûdige man hie ek noch in boete fan 247 euro iepen stean. De Grouster is oanhâlden en moat him ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje. De eask fan de offisier fan justysje is al bekend: 5 wiken selstraf.

Ek twa Ljouwerters fan 24 en 50 jier waarden woansdei trappearre op it riden sûnder jildich rydbewiis. Tsjin har is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
rydbewiis betrape plysje Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)