Oanfaller Furdjel Narsingh werom by SC Cambuur

Stefano Marzo en Furdjel Narsingh © awfoto.nl
Fuotballer Furdjel Narsingh keart werom by Sportklup Cambuur. De 29-jierrige oanfaller tekene tongersdei in kontrakt foar ien jier by de Ljouwerters. Narsingh trainde de ôfrûne moannen al mei by de beloften fan Cambuur, en makket no wer de oerstap nei de earste seleksje.
It ôfrûne jier hie Narsingh gjin klup, dêrfoar spile er ek al twa seizoenen foar SC Cambuur. Earder kaam er út foar ploegen as FC Volendam, Telstar en PEC Zwolle.