Basisûnderwiis staakt: in oersjoch fan de dei

05 okt 2017 - 17:00

Hast alle basisskoallen yn Fryslân binne tongersdei ticht yn ferbân mei de ûnderwiisstaking. Mei de aksjes protestearje de learkrêften tsjin de hege wurkdruk yn it ûnderwiis. Ek wolle sy in heger salaris. Yn Den Haag wurdt tongersdei in grutte protestmanifestaasje hâlden. Dêr wurde goed 30.000 leararen ferwachte. Hjirûnder in oersjoch fan de staking yn it Fryske basisûnderwiis.

Nik van der Land is ien fan de minsken dy't tongersdei nei Den Haag giet. Hy is stakingslieder en fiert aksje tsjin de hege wurkdruk en foar in heger salaris. ''Ik haw op it stuit tritich bern yn de klasse. Dat is sa no en dan gewoan tefolle. Ik soe sels in klasse-assistint derby moai fine. Dy kin wurk út hannen nimme en mei in lytse groep oan de slach gean.''

Tinie Sterenborg, skoaldirekteur yn Snits, wurket al 32 jier yn it ûnderwiis. Mei in soad wille, mar ek mei in hege wurkdruk. ''Als directeur ben je verantwoordelijk voor je personeel. We komen veel tegen dat er mensen tegen een burn-out aanlopen. Dan zit je een beetje in een spagaat. Aan de ene kant wil je zeggen niet te lang, en ook een keer op tijd naar huis. Maar je wilt ook de kwaliteit van het onderwijs waarborgen. Ik vind dat we momenteel te veel dingen moeten doen, met te weinig mensen.''

Wurknimmers en learlingen mei bern fan it Friesland College yn Ljouwert en It Hearrenfean koene op dizze stakingsdei harren bern meinimme nei de skoallen. Studinten en dosinten hienen in kompleet aktiviteiteprogramma opset foar de bern. Se koene bygelyks cupcakes bakke en waarden sminkt.

Net alle masters en juffen giene nei Den Haag. In oantal bleau thús, mar dy giene oan de slach as frijwilliger. Personiel fan basisskoalle De Wingerd yn Damwâld holp in hantsje by de âlderein yn soarchsintrum Meckema State yn Kollum.

(advertinsje)
(advertinsje)