Boalserter jiermerk giet net troch fanwegen minne waar

05 okt 2017 - 08:20
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De jiermerk yn Boalsert giet tongersdei fanwegen it minne waar net troch. Dat hat de gemeente Súdwest-Fryslân tongersdeitemoarn bekend makke. Der stiet tefolle wyn, en dêrom is it opsetten fan de kreamkes net ferantwurde. De jiermerk wie tongersdei ien fan de ûnderdielen fan Bolletongersdei.

It evenemint hat woansdei fanwegen de minne waarfoarsizzings ek al bot skrast yn it programma. Sa giet ek in grut part fan de aktiviteiten by de keallekeuring yn Boalsert net troch.

(advertinsje)
(advertinsje)